Oarlochskrimineel foar rjochter

09 sep 2003 - 00:00

Nazi-jager en sjoernalist Jack Kooistra fynt dat oarlochsmisdiediger Bikker (88) it nazidom noch hieltyd yn it bloed hat. Bikker waard yn de jierren njoggentich troch Kooistra opspoard. Hy moast moandei foar de rjochtbank yn it Dútske Hagen ferskine foar de moard op de fersetsman Jan Houtman yn 1944.

Bikker ûntsnapte yn 1952 út de Koepel fan Breda en waard doe yn Dútslân steatsboarger. Jack Kooistra wie by de rjochtsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)