'Gytsjerk is gjin Manhattan'

09 sep 2003 - 00:00

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel hat tiisdei hûnderten hantekens yn ûntfangst nommen fan ynwenners fan Gytsjerk. De minsken protestearje tsjin de gemeentlike plannen foar heechbou yn it doarp.

By de iisbaan yn Gytsjerk soene hier- en keaphuzen komme moatte, mar de Gytsjerksters fine dat it kompleks te heech wurdt en dêrom net yn it doarp past. It aksjekomitee freget fan de gemeente alternativen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)