Middelseerûte better befarber

09 sep 2003 - 00:00

De Langlânsbrêge by Dearsum en de brêge Dillesyl by Easterwierrum wurde ferhege oant de trochfarhichte 2,5 meter is. Mei it opheegjen tongersdei wurde de wurksumheden oan de Middelseerûte fuortset.

De Middelseerûte is ien fan de tolve fartrajekten fan it Fryske Marreprojekt. De kommende twa jier wurde mei-elkoar alve brêgen yn de Middelseerûte ferhege en komt der in nije brêge oer de provinsjale dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)