Aksje mei âlde mobyltsjes

08 sep 2003 - 00:00

Alde mobile tillefoans kinne meikoarten helpe wat oan de honger út de wrâld te dwaan. Winkelketen Tell Me is moandei in aksje út ein set om mobyltsjes dy't net mear brûkt wurde yn te sammeljen.

Miljoenen húshâldens krije kommende tiid in blauwe pûde troch de brievebus. Dêr kinne de tillefoans yn. Foar elk mobyltsje giet 3,50 euro nei it World Food Programme fan de Verenigde Naties. De pûde kin yn de brievebus smiten wurde, of ôfjûn by Tell Me.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)