Justysje: mooglik ien ûntfierder

© Omrop Fryslân
De fertochte yn de saak fan Lusanne van der Gun hâldt fol dat hy it famke allinnich ûntfierd hat. Dat hat justysje bekendmakke. Justysje fermoedt dat de fertochte him as twa ferskillende persoanen foardien hat.
Yntusken is ek dudlik dat de garaazje, dêr't Lusanne oernachte hat, yndied yn Susteren stiet. Moandei is Lusanne foar it earst wer nei skoalle ta gongen. De belangstelling fan de parse wie dêrby tige grut.