Gearwurking gemeenten ûndersocht

08 sep 2003 - 00:00

It Hearrenfean, Opsterlân, en de beide Stellingwerven wolle mooglik gearwurkje. De gemeenten ûndersykje ûnder mear de gearwurking op it mêd fan sosjale saken, de rekkenkeamer en rampebestriding.

Oer trije moannen wurde de risseltaten nei bûten brocht. De gemeenten komme dan mei in plan fan oanpak. Oanlieding is de ôfspraak fan gemeenten en provinsje om it funksjonearjen fan gemeenten te evaluearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)