'Boeren moatte kollega's stypje'

© Omrop Fryslân
Boeren yn Nederlân moatte har kollega's yn Mexico stypje. Dy oprop docht de belangegroep fan boeren. Yn Mexico wurdt woansdei in protestmars hâlden tsjin de ymport fan goedkeape mais út Amearika. Dy ymport moat tastien wurde mar it lân produsearret sels ek mais.
Neffens boere-organisaasjes yn Nederlân is hjir itselde probleem en moatte de boeren solidêr wêze. Troch in lege graansek oan in heafoarke, flaggemêst of panlatte te hingjen, toane se dat.