V/d Meer folget Van Tuinen op

08 sep 2003 - 00:00

Rutmer van der Meer wurdt de nije opslagger by André Kuipers en Chris Wassenaar. Hy folget Pieter van Tuinen op dy't oan de ein fan it seizoen mei keatsen ophâldt. Van der Meer soe nei it partoer fan Henk Vlietstra, mar dat giet net troch.

Vlietstra ferliest kommend seizoen ek syn achterynse. Taeke Triemstra giet nei Jochum Bouma en Kor Zittema. As Vlietstra gjin maten op haadklassenivo fynt, hâldt er mooglik op mei keatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)