Flat Snits ûntromme nei gaslek

© Omrop Fryslân
In flat oan de Furmerusstrjitte yn Snits is sneintejûn ûntromme nei't der in gaslek ûntdutsen wie. Mear as hûndert minsken waarden troch brânwacht en plysje út har wenten helle en oerbrocht nei de C-kan Sporthal yn Snits. Boargemaster Hartkamp spruts de bewenners dêr ta.
Enerzjybedriuw Essent hat de liedings tichtdraaid en fentilearre. Nei kontrôle koene de bewenners nei hûs. It lek is moandei fûn en makke.