Beslút oer fêsthâlden ûntfierder

07 sep 2003 - 00:00

De rjochter beslút moandei oft de ûntfierder fan Lusanne noch tsien dagen fêstsitten bliuwt. De 63-jieriige man út Ryptsjerk dy't freed oanhâlden is, hat de ûntfiering bekend.

Hy hat Lusanne lykwols net út Aldeberkeap meinommen. Resjerzje neamt him de 'twadde man'. By him is Lusanne by in restaurant yn de auto stapt. Hy ried mei it famke nei Limburg. Dêr hat de Ryptsjerker oant in pear jier lyn wenne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)