Demonstraasje tsjin kabinet

07 sep 2003 - 00:00

Platfoarm 'Keer het Tij' hâldt sneon 20 septimber in demonstraasje tsjin it kabinet Balkenende-2. Mei bussen út it hiele lân wei geane de aksjefierders nei Amsterdam. By it platfoarm binne hast 300 organisaasjes oansletten dy't mei elkoar in kwart miljoen leden ha.

It platfoarm neamt de plannen fan it kabinet asosjaal fanwege besunigingen fan 15 miljard euro. Demonstranten kinne op ferskate plakken opstappe. Yn Ljouwert stiet de bus by it FEC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)