Gjin foarstelling troch min waar

07 sep 2003 - 00:00

It iepenloftspul yn Jorwert is sneon troch it minne waar net trochgien. Earst wie it doel earder te begjinnen, mar troch de rein dy't foel slagge dat net. De foarstelling waard snein om 20.30 oere ynhelle. It wie de earste kear dit jier dat it iepenloftspul yn Jorwert net trochgean koe.

Ek de foarstelling fan de rockopera Gysbert Gysbert yn Boalsert is sneon net trochgien. Dy foarstelling wurdt moandeitejûn ynhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)