Priis foar Stroetinga

07 sep 2003 - 00:00

Wim Stroetinga út Aldeberkeap hat snein yn Moskou by it EK hurdfytsen op de baan de junioaretitel puntekoers wûn. Hij sprinte yn de wedstriid oer 24 kilometer nei 18 punten. Dat is fiif mear as de Belch Danny de Ketele dy't sulver wûn. De Tsjech Jiri Hochmann waard tred.

Sneon wie der ek in Nederlânsk sukses by it hurdfytsen. Theo Bos wie de bêste yn it EK sprint foar riders jonger as 23 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)