Ryptsjerkster is 2e ûntfierder

06 sep 2003 - 00:00

De 63-jierrige Ryptsjerkster dy't fertocht wurdt fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun is net de man dy't har ûnderweis nei skoalle kidnapte. Dat meldt de regionale omrop L1 yn Limburg. Lusanne soe letter op de dei by de Ryptsjerker yn auto stapt wêze en hy hat mei har troch it lân riden.

De sjoernalist fan L1 seit dat er syn ynformaasje hat fan Jan Wagenaar, it haad fan it resjerzjeteam. Justysje en plysje wolle gjin kommentaar jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)