Wahid snein dochs yn Drachten

© Omrop Fryslân
Ald-presidint Wahid fan Yndonesië komt snein dochs nei Drachten. Wahid is yn Drachten útnoege troch eigner Wieland fan restaurant Cabé. Wahid sil dêr ite mei deputearre Piet Bijman en mei boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân. Ek sil Wahid in lêzing jaan op ynstitút Clingendael.
Wahid stelde earder syn besite út omdat hy herstelle moast fan in operaasje oan syn eagen, mar hy is no dochs fit genôch om te reizgjen.