Polderman beleit jûn Ryptsjerk

06 sep 2003 - 00:00

De ynwenners fan Ryptsjerk moatte fral gewoan dwaan tsjin de frou fan 'e freed arrestearde ûntfierder fan Lusanne van der Gun. Dat advys krigen de bewenners fan 'e Ypeysingel freedtejûn fan boargemaster Polderman. De boargemaster fan Tytsjerksteradiel woe mei de bewenners prate oer de opskuor yn it doarp nei de arrestaasje.

Polderman fynt dat de bewenners de frou net links lizze moatte fanwege wat har man dien hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)