Riedsleden nei Kealledykje

05 sep 2003 - 00:00

Ljouwerter gemeenteriedsleden wolle mei eigen eagen sjen hoe't swimbad It Kealledykje der oan ta is. It kolleezje fan B en W hat besletten dat it bad 4 novimber ticht moat. Guon riedsleden wolle har der noch net by dellizze.

De VVD wol net mear ynvesteare yn It Kealledykje. De partij sjocht leaver nei alternativen. In beweechbere flier yn swimbad De Blauwe Golf soe bygelyks romte jaan kinne oan ferienings en sporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)