Ryptsjerkers ferbjustere

05 sep 2003 - 00:00

Bewenners fan Ryptsjerk binne ferbjustere troch it nijs dat in man út it doarp de ûntfierder is fan Lusanne van der Gun. De man waard freed troch de plysje oppakt. Ek syn frou moast mei, mar dy waard letter frijlitten.

Neffens buertbewenners kaam it echtpear út Limburch, en ferhúsden se twa jier lyn nei Ryptsjerk. De man hat in eigen bedriuw en wie geregeld yn Limburch. Ek ferline wike soe er dêr in pear dagen west ha, neffens ien fan de buorlju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)