Mear drugsoerlêst by Blokhûs

© Omrop Fryslân
De drugsoerlêst yn de buert om de Blokhûspoart yn Ljouwert hinne is de lêste twa jier mei 350 persint tanommen. Dat docht bliken út it jierferslach fan de plysje Midden- Fryslân. De plysje skriuwt dat de oarsaak by de deiopfang fan stichting De Terp oan de Sudergrêftswâl leit.
Neffens de buertbewenners sels giet it just in stik better yn de buert. De winsk is dat der in gebrûkersplak foar ferslaafden komt yn Ljouwert.