Opskuor oer taalbelied provinsje

05 sep 2003 - 00:00

De amtners fan it Provinsjehûs yn Ljouwert bliuwe wrakseljen mei it Fryske-taalbelied. De ûndernimmingsried giet net akkoart mei it ynterne taalbelied. Dêryn stiet dat minsken it Frysk aktyf behearskje moatte as se in baan krije wolle by de provinsje.

It aktyf behearskjen fan it Frysk moat ôfhingje fan de funksje, fynt de UR. Wol soene de meiwurkers it Frysk passyf behearskje moatte. De FNP wol de saak opnij oan de oarder stelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)