Brân yn Antonius sikehûs

05 sep 2003 - 00:00

Der hat freed brân west yn it Antonius sikehûs yn Snits. Om tsien oere moarns bruts de brân út op de steriliaasje- ôfdieling. Binnen twa oeren wie de brân wer ûnder kontrôle. Pasjinten hoegden net evakuearre te wurden. De ôfdieling hat grutte skea oprûn. Der hong in protte reek, mar pasjinten hiene der gjin lêst fan.

De brân is nei alle gedachten ûntstien trochdat in meiwurker fan de technyske tsjinst oan it laskjen wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)