Grins Fryslân-Grinslân ferlizze

05 sep 2003 - 00:00

De provinsje Grinslân wol in stikje fan syn gebiet oan Fryslân jaan. Om't Skiermûntseach hieltyd mear nei it easten ta opskoot, leit in stik fan it eilân no yn de Grinslanner gemeente Eemsmond. By kalamiteiten soe dat in soad betizing opsmite kinne.

Grinslân wol no tegearre mei Fryslân de grins tusken beide provinsjes ferlizze. Sa komt Skiermûntseach wer hielendal yn Fryslân te lizzen. De boargemaster fan Skier is bliid mei it Grinzer foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)