Makelder ferliest koart pleit

04 sep 2003 - 00:00

De Burgumer makelder Roel Wijmenga hat it koart pleit tsjin de bou fan it nije plysjeburo yn it park yn Burgum ferlern. Mar hy lit it der net by sitte en giet yn berop by de Steatsrie.

Wijmenga wennet tsjinoer it park en fynt benammen dat net dúdlik is wat der yn de takomst noch om it plysjeburo hinne boud wurde sil. Dat soe ten koste gean fan it park. De bou fan it buro is al út ein set en kin no foarearst trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)