Al frachtauto's oer Hylper brêge

© Omrop Fryslân
Frachtweinen meie dochs oer de brêge by Hylpen as se mear net swierder binne as 20 ton. De gemeente Nijefurd stelde ferline wike in ferbod yn foar auto's swierder as 10 ton, omdat de monumintale brêge yn minne steat is.
Undernimmers yn Hylpen binne benaud dat har befoarrieding troch de maatregel yn gefaar komt. Yn ôfwachting fan in langere termyn oplossing hat de gemeente besluten dat frachtauto's fan in oare kant ôf it doarp yn ride moatte.