Undersyk gemeente Nijefurd

© Omrop Fryslân
De amtlike organisaasje fan de gemeente Nijefurd is lyts en de gemeente is dêrtroch op ûnderdielen kwetsber. Dat is de konklúzje fan it ûndersyk dat Nijefurd dien hat nei it eigen funksjonearjen.
Om problemen yn de takomst foar te kommen, soe der gearwurke wurde moatte mei oare gemeenten. De ynbring fan it eigen gemeentebestjoer wurdt dêrtroch wol lytser. In fúzje tusken gemeenten soe mooglik in bettere oplossing wêze.