NHL set oplieding op yn Almaty

04 sep 2003 - 00:00

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert sil tegearre mei in universiteit yn Skotlân in oplieding ta sosjaal wurker opsette yn Almaty, de haadstêd fan Kazachstan. Se sitte dêr te springen om goede helpferlieners omdat de sosjale problemen grut binne.

Sa is it tal alkoholisten heech en is de earmoede grut. Studinten en dosinten fan de NHL dy't oan it projekt meidogge sjogge it as in grutte útdaging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)