Slim ûngelok op Wâldwei

04 sep 2003 - 00:00

By in ûngelok tongersdeitemoarn op de Wâldwei binne in mem en in bern om it libben kaam. In twadde bern is swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs. De trije sieten yn in persoane-auto, dy't troch ûnbekende oarsaak yn botsing kaam mei in frachtwein. De bestjoerder dêrfan is net ferwûne rekke. Troch it ûngelok hat de Wâldwei tusken Garyp en Wergea tydlik ôfsluten west.

Rykswettersteat is net fan doel om ekstra ferkearsmaatregels te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)