Belied foar argeologyske fynsten

© Omrop Fryslân
Argeologyske skatten moatte better bewarre bleaun wurde. Te faak ferdwine se yn de Fryske boaiem. Dat komt fral troch it agrarysk bewurkjen fan de grûn. Alle kearen as de masines oer it lân geane, ferdwine wer weardefolle saken. Om dat te kearen hat de provinsje in argeologybelied makke.
Der komt in databank mei dêryn plakken dy't fan argeologysk belang binne. Gemeenten kinne sa rekken hâlde mei nijsgjirrige fynplakken.