Undersyk nei nij buro toerisme

03 sep 2003 - 00:00

No't it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme net mear bestiet, moat ûndersocht wurde hoe't rekreaasje en toerisme yn Fryslân tenei promote wurde sil. De provinsje gie woansdei akkoart mei in fersyk fan de Keamer fan Keaphannel om dêr stúdzje nei te dwaan.

Earder hie deputearre Mulder al te hearren krigen dat der in nij Frysk Buro foar Toerisme komme moat. Mulder tinkt dat dat ek de útkomst wêze sil fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)