Wahid stelt besite út

© Omrop Fryslân
De eardere presidint Wahid fan Yndonesië hat syn besite oan Drachten útsteld fanwege sûnensredenen. Wahid soe kommende sneon yn Fryslân wêze om te werstellen fan in eachoperaasje. Neffens de dokter kin er no net reizgje.
Freed wurdt wer besjoen hoe't syn kondysje is. Wahid wie yn Drachten útnoege troch eigner Wieland fan restaurant Cabé. Hy soe dêr ite mei deputearre Bijman en boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân.