Stamboek bliuwt yn hynstesintrum

03 sep 2003 - 00:00

It Frysk Hynstestamboek bliuwt yn it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. It bestjoer fan it stamboek hat mei takomstich eigner Boomsma út Ljouwert in oerienkomst sletten oer it hieren fan in grut part fan it kompleks. It giet dan om de kantoaren, in part fan de stâlen en in lytse rydhal.

Tongersdei praat de ledegearkomste fan it stamboek oer de ferkeap fan it sintrum oan Boomsma. De grutte rydhal heart net by de oerienkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)