Undergrûnse parkeargaraazje

02 sep 2003 - 00:00

De bou fan in parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf begjint takom jier. It gemeentebestjoer fan Ljouwert hat dat tiisdei bekend makke. De garaazje bestiet út twa lagen en hat plak foar 500 auto's. De yngong komt oan de kant fan Tresoar oan de Griene Wei. It plein foar de Aldehou bliuwt geskikt foar it hâlden fan eveneminten.

De plannen foar de parkeargaraazje kostje 21 miljoen euro. Yn 2007 moat de garaazje klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)