Talant nimt wer supermerk oer

© Omrop Fryslân
Soarchynstelling Talant nimt de supermerk fan Aldeberkeap oer. Nei Wurdum is dat de twadde doarpswinkel dy't de ynstelling foar minsken mei in handikap oernimt. Yn Aldeberkeap soe de supermerk sletten wurde om't er net mear rendabel is.
Talant is gjin kommersjele ynstelling, dêrom kin de winkel trochgean. Op dit stuit wurdt hurd wurk om de Meermarkt fan it doarp om te bouwen ta in ATTENT- supermerk dy't freed iepene wurdt.