Mear hierhuzen nedich yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De kommende twa jier moatte der yn Fryslân 5000 hierwenten bykomme. Dat seit deputearre Andriesen nei oanlieding fan in grut ûndersyk fan de provinsje. Ut dat ûndersyk die bliken dat 53 prosint fan de minsken it leafst in hûs hiere soe. Fiif jier ferlyn wie dat mar 31 prosint.
Op dit stuit binne der lang net genôch hierwenten beskikber. De provinsje wol dêrom gemeenten en projektûntwikkelers ferplichtsje mear hierwenten te bouwen.