Fean moat tsjin AZ foar beker

02 sep 2003 - 00:00

SC Heerenveen pleatste him moandeitejûn foar de twadde ronde foar de beker. Yn Putten waard mei 4-0 wûn fan de pleatslike haadklasser. Vayrinen sette de rêststân op 1-0, Selakovic skoarde nei de rêst it fjirde doelpunt.

It belofteteam fan it Fean ferlear moandei yn it Abe Lenstra-stadion mei 3-1 fan earedivisionist AZ. Dat betsjut dat AZ de tsjinstanner wurdt fan it earste team yn de twadde ronde fan de bekerkompetysje om de Amstel Cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)