Brok nije boargemaster Snits

© Omrop Fryslân
Wethâlder Arno Brok (35) fan Ljouwert folget Siebold Hartkamp op as boargemaster fan Snits. Brok beskikt neffens de fertrouwenskommisje oer in grut nasjonaal netwurk en hat in protte ûnderfining mei ekonomy, toerisme en kultuer.
Frou De Roos-van Rooden fan de PvdA stie op it twadde plak, mar sy sollisitearre ek yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, dêr't se boargemaster Pitlo opfolget.