Servicemeiwurkers op stasjon

© Omrop Fryslân
Treinreizgers mei fragen kinne tenei op it Ljouwerter perron fuortendaliks persoanlik antwurd krije. Sûnt moandei rinne dêrfoar servicemeiwurkers om op it stasjon.
Om't minder minsken in kaartsje keapje oan it loket wurde loketmeiwurkers no op it perron ynset. De NS wol sa de service en ynformaasje foar reizgers ferbetterje. Ljouwert is ien fan de lêste grutte stasjons yn Noard-Nederlân dy't servicemeiwurkers krijt.