Unrêst by Philips

© Omrop Fryslân
Der is grutte ûnrêst ûnder it personiel by Philips yn Drachten. De ûndernimmingsrie hat besifere dat der twahûndert banen ferlern geane. By de Drachtster festiging wurkje no sa'n 2000 man.
De ûnrest is mei ynjûn troch útlittings fan topman Kleisterlee. Dy sei koartlyn dat der nochris 50 Philips-fabriken ticht geane. De ûndernimmingsrie wol op koarte termyn dúdlikens oer de takomst fan Philips Drachten.