Lusanne noch net nei skoalle

© Omrop Fryslân
Lusanne van der Gun mei fan de resjerzje foarearst noch net wer skoalle salang't har ûntfierder noch net oppakt is. Dat seit direkteur Jelke Nijboer fan basisskoalle de Tjongeling. Lusanne hat ynformaasje dy't net nei bûten brocht wurde mei.
Sneon sei de mem fan Lusanne dat har dochter dizze wike wer nei skoalle woe. De plysje riedt dat fanwege it ûndersyk ôf om't de kâns grut is dat Lusanne fertroulike ynformaasje loslit.