Skea troch brân yn brievebus

© Omrop Fryslân
In brânende brievebus yn Jobbegea hat foar grutte skea soarge. De plysje krige sneontenacht melding fan brân oan de Jelle van Damwei. De brânwacht hat it fjoer blust. Foar it ôfdak fan in winkel lei ferbrânde post.
Nei alle gedachten is de reek fia it dak nei in supermerk en in kleanwinkel gien. Beide stienen fol reek. De brânwacht hat de saken fentilearre. De kleanwinkel is swier dupearre, de nije kolleksje wie krekt binnen.