Stekpartij yn Harns

© Omrop Fryslân
In Harnzer (29) hat himsels sneontenacht by de plysje meld. Hy hie in stedsgenoat (37) mei in mes stutsen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en oan de búk operearre. De fertochte hie syn mes lutsen nei't er wurden krigen hie mei foarbygongers.
De fertochte is oanhâlden en it mes yn beslach nommen. De resjerzje wurket mei fiif minsken oan de saak. Undersocht wurdt wat de krekte oanlieding fan de stekpartij west hat.