Sportkompleks yn Stiens bliuwt

31 aug 2003 - 00:00

It Gryn yn Stiens behâldt de kommende jierren syn sportfoarsjennings. It binnen- en bûtenswimbad, de Bordinehal en de Iehal moatte sjoen wurde as basissaken foar Ljouwerteradiel. Dat skriuwt it kolleezje yn it nije belied.

In soad gemeenten moatte besunigje en sjogge derby kritysk nei sportfoarsjennings. De gemeente Ljouwerteradiel fynt it lykwols wichtich dat de ynwenners telâne kinne yn in goede akkommodaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)