Brân yn Muntflat It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Yn ien fan de trije Muntflats op It Hearrenfean hat sneontemiddei in útslaande brân west. De bewenster (33) fan de wenning dêr't de brân begûn, is oanhâlden troch de plysje op fertinking fan brânstifting. Se wie nei alle gedachten yn de war.
Alle bewenners fan de flat moasten tydlik har wente ferlitte. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Dêrnei koene de bewenners werom nei har wente.