Bedriuwsresultaat NDC ôfnaam

© Omrop Fryslân
It bedriuwsresultaat fan de Noordelijke Dagblad Combinatie, de NDC, is oer it earste healjier fan 2003 mei 15% ôfnaam. Ek de omset naam ôf, mei 6 persint. By de NDC hearre ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.
It bedriuw hat te lijen fan in delgong fan de ynkomsten út advertinsjes. De direksje ferwachtet wol dat it bruto-resultaat oer dit jier úteinlik ferlykber wêze sil mei dat fan 2002.