Alve gondels yn Aldeboarn

30 aug 2003 - 00:00

Gondels stienen freedtejûn sintraal yn Aldeboarn. De tradisjonele gondelfeart waard dit jier foar de 58e kear hâlden. De ynwenners hienen alve preammen as folsleine teaterstikken optúgd.

Achttûzen besikers seagen Kening Lear foarby farren en De Kameleon. In gondel wie ynspirearre op de film Waterworld en in oarenien op De Vier Jaargetijden van Vivaldi. Ek it Wylde Westen wol in tema. In sjuery makket sneon de winnende gondel bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)