Rie moat beslute oer kokkels

30 aug 2003 - 00:00

De Ried fan Steate moat beslute oft der yn de rest fan it seizoen noch op kokkels fiske wurde mei op it Waad. De kokkelfiskers ha freed frege om it fiskferbod gau op te heffen. Se kinne dit jier dan noch 2870 ton kokkels fiskje. Ferline jier wie 9000 ton tastien.

Natuerorganisaasjes en waadferiening wolle in definityf fiskferbod. Se binne benaud dat eidereinen en strânljippen it dreger krije om fretten te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)