Dopingkontrôle by amateurs

30 aug 2003 - 00:00

Dopingkontrôle by it amateurfuotbal giet te fier. Dat seit trainer Eppinga fan Harkemase Boys. Neffens him brûke amateurs gjin doping. De KNVB kontrolearret fan dit seizoen ôf de haadklassers op stimulearjende middels.

Neist sneonsklasser Harkemase Boys kin ek sneinshaadklasser De Jouwer op doping kontrolearre wurde. De klubs krije yn't foar gjin berjocht oer de besite. Dat bart fia lotting. De amateurkompetysje begjint sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)