Ferlies foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat freed foar it earst yn dizze kompetysje gjin punten binnen helle. Tsjin Willem II ferlearen de Friezen mei 2-0 yn Tilburch. Al nei twa minuten skoarde Hadouir foar eigen publyk. In healoere letter makke Sjoekov it twadde doelpunt.
De ploech fan Foppe de Haan makke in wurge yndruk. Fan 'e wike waard ek al spile yn de yntertoto yn Spanje. Nei rêst lei it tempo wat heger mar it slagge net om in goal te meitsjen.