Nije boat foar wetterplysje

© Omrop Fryslân
Yn de haven fan Harns is freedtemoarn de nije patrûljeboat fan de wetterplysje, de P49, doopt. De nije boat is folslein fan aluminium en kin hurder farre as de âlde.
Der kinne seis man op de nije boat, dy't foarsjoen is fan tal fan technyske snufkes. De wetterplysje fan Harns hâldt tafersjoch op alles wat der bart op it Waad. Ek de sône oant 15 mijl boppe de eilannen heart by it gebiet dêr't de P49 patrûljes útfiere sil.