Paprikakweker gjin lêst fan mich

© Omrop Fryslân
Paprikakweker Hartman út Seisbierrum is net benaud dat de Middellânske Seemich ek yn syn kassen sit. Freedtemoarn waard bekend dat dit bist fûn is by in kweker yn it Westlân.
Dêrtroch meie út it Westlân wei gjin paprika's mear eksportearre wurde nei Japan en Taiwan. Dat ferbod jildt net foar oare gebieten yn Nederlân. Neffens Hartman giet it om in mich dy't meikaam is mei in lading út it bûtenlân en dy't himsels hjir noch net fermeardere hat.